is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

himd in „vleeschzak". In losse patroan is in „losse flodder", in bajonet in „slakkesteker", in gewear in „spuit ", in bêd in „wolletje", ierpels binne „piepers", brune beane „bruine piepers". lerpelskilen hjit

„jassen" en sa is der yet üngelikense folie mear. It kaserne-

wirdboek is ryk foarsjoen.

„En de wirden op 'e signalen, binne dy yet allyk ?" freget omke, en Jan is sa goed net, ef hy moat in soarte fen eksamen yn kasernesang dwaen. Det giet op dizze wize yn syn wirken:

Omke: Kom adtsjedant, ha se det noch?

Jan: O, de wachtparade? Jawis.

Omke: Ho is 't ek wer?

Jan: Als je weet dat jij op wacht komt,

Waarom maak je je dan niet klaar?

Kom adjudant, kom adjudant,

Neem je sabel in je rechterhand!

Omke: Krekt. „Haal water?"

Jan: Haal water, haal water, de soep is te dik!

Dat heeft 'm de kok in de keuken geflikt!

Haal water, haal water de soep is te dik!

Dat heeft 'm de kok geflikt!

Lolke: „Dik" en „geflikt"? Det rymt net iens goed!

Jan: Né, mar dér steure se hjar net oan; it stekt sa nau net as in hanfol spjelden! Mülk wier 't ek wol in Hagenaer, dy't dy wirden bitocht hat, en dy ljue prate sa. Hja sizze „wach" en „gedach" en „geflik" ynpleats fen „wacht" en „gedacht" en geflikt," en sa dogge se hast mei alle wirden, dêr't in t efter komt.

Lolke: Dos, de Hagenaers halde net fen tl Jan: Né, en de soldaten ek net. Bigrypst nou, det it al rymt? Tryn. Mar as se det nou op 'e hoarn tütsje, moatte de soldaten den wetter helje? En meije se 't oars net dwaen? Den kinne se ek wol fortoarstkje, as der net om tocht wirdt!

Omke. Ei ju, it is allinne by 't winter, as 't friest; den komme jouns de pompen ticht, oars bifriest de boel. . . .