is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Jan. De kranen fen 'e wetterlieding tsjfnwirdich, omke!

Omke. Nou ja, ik wol mar sizze: de kommedant fen 'e wacht lit den efkes to foaren haal-water blieze, den kin de kamerwacht yet helje. - En de „reveille," is det ek noch „Op de heide?"

Jan. Jawis.

Op de heide zal ik je dondere. . . .

Mem. Fij Jan, fij Jan!

Jan. Ja mem, moai is oars. Mar de soldaten binne ienkear hwet wreed yn 'e müle, en det scil ek wol sa bliuwe. 't Heart by 't fak, tink 'k. Nou:

Op de heide zal ik je dondere,

Op de heide donder ik jou!

Wil je niet opstaan, blijf dan maar leggen,

Wat er van komt, dat is er voor jou!

Sa giet det in toarn oanien troch, hwent der is fensels folie mear, en 't giet omke Bouwe wol nei 't sin Dy hellet syn herte yetris op oan 't forline. 't Is nuver mei in minske! Alearen, do't omke ünder tsjinst wier, moat er 't der einliks mar min nei 't sin hawn ha, mar nou kin er der hast gjin kwea fen hearre en wirdt it praten oer 't kasernelibben net sêd.

Mar ik scil 't petear dêr oer net fierder meidiele. Né, en ik mei de lêzer siker yet wol forjeffenis freegje for 't léste pear blêdsiden. For dy wirden op 'e signalen binammen, hwent dy binne einliks mar foech, nou?

Döchs rout it my net, dit ütsje nei 't blau-lekkens ryk, om't, ik fyn der oanlieding yn for 't skriuwen fen in pear opmerkingen dy 'k al lang yn 'e pinne hawn ha, en dy't der oars ris yn bidroegje

mochten.

It leger is for üs Nederlanske letterkinde in stik bou, dêr't de frucht yen ryp en ré op tomiette weaget en det dos op 'e risper wachtet.