is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Der wirdt libbe yn 'e kaserne. En yn it kamp. En op 'e eksersysje-fjilden. En oeral, dêr't de tromme slein en de hoarn bliesd wirdt en de soldaet syn fjouwerkante foetleasten weibringt.

Det libben is oars as in krychshaftige faderlanner, ef in jonge fen 15, 16 jier 't him tinkt. Mar ek oars, ja gans oars! as in antimilitarist mient. It is altyd gjin rys mei rezinen, mar likemin altyd groat mei krödde.

In apart libben is 't lykwol al. Ik ha der gjin sin oan — efmülk moast ik ljeaver sizze: it kin my net wachtsje! — om folie to skriuwen oer saken dy't, sa 't yn 'e reden leit, it bést biskreaun wirde kinne yn 't Hollansk, mar it byt my sims tige de kiel üt, det is mar sa.

Ja, der fait wol hwet to merkbiten yn 't leger, for de wittenskip ek.

For de taelgelearde bygelyks. En dit net allinne, en net ienris it meast, om it great poarsje nuvere wirden en sizwizen dy't men üt 'e soldatemüle heine kin, (en hwerfen de öflieding sims gearhinget mei de skiednis fen legers yn 't algemien en fen uzes yn 't bisünder: nim, om mar ris ien ding to neamen, „kuch", for kommize-brea, det ik for 't selde wird hald as 't Dütske Kuchen-, nim 't wird kommizebrea seis ek!) né, mar foaral om 'e woarteldjippens fen dy tael, dy't sa 't liket net ut to roegjen is. Det der yn 'e tiid fen 'e frijwillige legers in apart soldate-idioom untstie, dêr scil nimmen gjin niget oan habbe. Mar moast de „conscriptie", dy earste stap nei it folksleger, dêr gjin ein oan makke ha ? Sünt in ieu is 't döchs it folk seis, det de wapens draegt, en, scoene men sa sizze, sy tael meinimt yn kamp en kaserne.

Nou, det is ek wol sa. Mar hwet men dêr oantsjut mei aparte wirden en sizwizen, binne troch de bank dingen en bigripen dy't men yn 'e boargermaetskippij net oantreft. It lit him sadwaende skoan forklearje, det de „biggen" al dy frjemde bineamingen, dy't bütendet fakentiids in koartswilich grountinkbyld habbe, (en soks wol yen wol oan!) oan bigjinne to learen, sa gau as se in bytsje to stoel en to bank binne, ja güds derfen letter meinimme nei hüs. Dit léste docht bliken, as men de folkstael ris ündersiket op „soldatewirdgehalte". Yn it Hollansk scil men mar frijhwet kasernewirden fine, — en 't Frysk dêr rint ek gauris ien mank. Prate wy net fen „by 't seksje", fen