Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„der üt rukke", „oprukke", „ünder 'e wol gean", „op 't aljemint (alignement) komme", „ierpeljatse (-jaskje, -jasse), „earne omskilderje , „bleate bajonetten" (bleate skonken), „in dragonder" (in jongfaem dy't der wêze doar), „immen ef eat yn 't fisier ha"? Ien en oar, en yet folie mear, ha wy meinomd do t wy mei great forlof gyngen. Dy't him it siikjen oantiid dwaen wol, scil dit sa bifine.

Fierders scil ek de sielkindige yn 't leger genöch oantreffe dêr't er syn tinzen ris oer gean litte kin. Dêr hat men b.g. de eigenskip fen biropsmilitairen, det se graech oansjoen wirde wolle for leden fen in aparte stan, dy't buten en boppe de gewoane maetskippy stiet, en der in eigen birjuchting op nei haldt.

Dy sucht plichte der yn 't foarige yet folie fêster yn to sitten. Sünt der net folie frijwilligers mear rinne ünder 'e sljuchte soldaten, is dêr de alde militaire geast hwet üt.

Mar de ofsieren en de ünderofsieren halde en keare hjar bést yet, om de brekfallige tradysje oerein to halden, en üt 'e rik fen 'e boargerlike wetten to bliuwen.

Ik praet by ünderfining. Mar 'k birop my ta biwiis ljeaver op it folgjende stealtsje, det dodestiids troch üs hiele Nederlan bikend wirden is.

Do't in lyts tritich jier forlyn by Den Haech in jonkje formoarde waerd, wist men yn 't earstoan net hwer't men de dieder to siikjen hiene. Letter kaem 't üt det men yn de ald-ünderofsier Willem Marianus de Jongh de rjuchte man foar hiene, en soks foaral troch de sersjant Carpentier syn tadwaen. 't Mei wêze dat ik de namme net goed staverje, mar det docht der nou ek neat ta. De dieder hie foar de moart in branbrief skreaun oan 'e hear Bogaerdt, it jonkje syn heit. In facsimile fen dit brief kaem yn 'e kranten, ef waerd alteast forspraet, hwent Carpentier krige it ek ünder 'e eagen, foun yn it skrift safolle oerienkomste mei syn ald-collega De Jongh sines, det er it gerjucht warsköge, en waerd sadwaende ien fen 'e foarnaemste tsjügen tsjin 'e misdiediger, dy't leau 'k earst libbenslang krige, mar letter yn safier graesje, det it fiifentweintich jier waerd. 't Mei nou in pear jier lyn wêze, do is er loskomd. Hy siet to Ljouwert.

Nou, sünt De Jongh syn foroardieling hat Carpentier gjin fleurige

Sluiten