is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

üre mear hawn, sa min waerd er bihannele fen syn kameraten. Oeral yn 't leger waerd er skoudere, ja, dêr bleau 't net by: mei wird en died waerd er leechlein en misledige, sa faek der gelegenheit wier. Fen need teikene er for 'e Eastynjes, mar dêr koed er allikemin bankje. Nei in hoartsje hat er him fordien; hy wier syn rie to'n ein, die bliken.

Hy hie sündige tsjin 'e ünbiskreaune militaire wet, det de iene

collega de oare net forriede mei!

Hwa't miene mocht det sok ding as mei Carpentier selden foarkornt, is forbjustere. Boykotsjen is skearing en ynslach yn 't leger, ünder 'e „gegradueerden." Dea-forklearjen neame se it, en 't earme slachtoffer is der yet folie minder oan ta as yn 'e boargermaetskippij.

Hwent ünder tsjinst is neame gjin üntwyk, alteast for in ünderofsier net. In ofsier kin syn üntslach yet oanfreegje, al komt er den neaken en bleat oan 'e dyk to stean, mar hwa't leger yn rang steane, kinne hjar tiid mar üttsjinje, al ho't se kokhalzje.

In oar forskynsel yn 't leger, dêr't de sielkindige him mei beuzich halde kin, is de forwylderjende ynfloed fen in lüd-chaos op in minske, in ynfloed dy't sa tige ütkomt by greate manoeuvres.

By sa'n manoeuvre binne der twa partijen, de iene is oanfaller, wyls't de oare him al folie „yngroeven" hat, en syn stellingen fordigenje moat.

Nei de „verkenningen" bigjint oan wearskanten de artillery it gefjucht. By de oanfaller rukt de infantery al tichter en tichter efter de kanünen op; njunkelytsen giet se dy foarby en iepenet seis it fjür op 'e fijan, dy't nou ek syn „loopgraven" foar, ef alteast nést de artillery biset. Underwilens sjit it lêstneamde wapen gemoedereard troch: by de oanfaller geane de „projectielen" (sabeare-granaten ef -granaet-kartetsen; kartetsen wirde den net brükt,) oer e eigen infantery hinne; sims steane de stikken net fierder as in fyftich trêd efter yen. Men bigrypt, den hoeft der net by sein to wirden: Harkje nou, dy't earen hat om to harkjen, hwet it kanün tsjin 'e sêftmoedigen fen herte seit! Efter yen boarst de hel, nést yen raest de heilbui fen los krüd dêr't de tirailleurs de fijan op traktearje, dy't fen syn kant ek al likefolle lawaei makket. Dêr komt den yet by: it narjend lüd fen 'e tirailleerfluitsjes, it trochinoar fen hoarnsignalen en it geholdere-