is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

bolder fen 'e batterijen artillery dy't fen stelling foroarje op 't üngale „slachfjild", — hawar, hearren en sjên forgiet yen.

By eintsjes fen in goed fyftich trêd giet de infantery yn 'e „looppas" foarüt. En den mar wer sjitte sa haste net, — ont menop'tlêst mar in treddelhündert trêd mear fen 'e fijan öf is. Den is 't oan 'e stoarmoanfal ta. Earst wirdt der in repetear-fjürke öfjown det yen it léste dripke formogen om nei to tinken üntfytmannet. De tamboers en hoarnbliezers en alle ljue dy't hwet to kommedearjen ha, komme foar it front; de earsten bigjinne oan ien dreun wei to slaen en to bliezen; meiïens fait it stafmuzyk, (det moat meitsje det it foartiid ticht

efter 'e lynje is,) yn mei it „Wilhelmus" en dêr giet it hinne,

mei sabel en gewear yn 'e hichte. It is in heap forwoastelingen wirden, hwa't it leed is, det se de „fijan" net op 'e lea spylje meije.

Yn 't garnizoen, dêr't sok soarte fen oefeningen noait ta hjar gerak komme, ha de soldaten de gek der mei. Nou, den is 't ek in ding om der by to skokskouderjen. Mar by de greate manoeuvres ha 'k selden in soldaet oantroffen, sa evenredich (ef ünforskillich), det er net min efte mear ünder 'e dealske bikoaring fen dit sabeare-boartsjen kaem.

Yn 'e jierren det ik ünder tsjinst wier, binne fen heger han oarders jown, det de beide partijen in fjirtich fyftich trêd feninoar öf bliuwe moasten; de oanfaller mocht net tichter by de „loopgraven" komme, salang dy yette fen 'e fordigener biset wieme. Sa bang wieme men, det it yetris op moart en deaslach ütrinne scoe. En dêr wier reden ta. In hopen üntseagen neat ef nimmen mear as se lüddronken wieme. By in stoarmoanfal op it foart by Aelsmear (stelling Amsterdam), ha 'k it bilibbe — it wier nei 't my foarstiet, yn 't jier '94 — det wy elkoar op tsjien trêd mei losse patroanen biskeaten. Det der do gjin blinen en dóven komd binne, kin 'k my hjoed de deiyetnet bigripe. Ytliken fen 'e oanfallers sprongen ek oan 'e hals ta yn 'e grêft en roannen der dwers trochhinne; dy't in bile hie, kapte yn palissadearringen om, det it in lust wier. Det mocht fensels net; it moast by sabeare-dwaen bliuwe, — mar hja diene 't.

Men hiene de minsken to ticht byinoarren komme litten en hjar net mear ünder 'o kwint — ef „yn 'e han", neffens de fakterm. It hie