is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

foetten yn *t gal en 't koste hiel hwet flokken en swarren, om

se wer yn 'e stringen to krijen; hja tjirgen hjar as heidens en turken.

Soks ha 'k faken mei bywenne, howol,'t gyng selden sa mal as do.

Oerdwealskens is 't heale wirk,by oarlogjen,en 't opwekjen dêrfen ien fen 'e middels om minsken, dy't elkoar noait earder sjoen en neat dien ha, döchs salang yn 'e ban to halden det se op 't lést as wylde, forskoerrende bisten foarinoar steane. En luddronkenens is oerdwealskens.

Yn in sikerwiere fjildslach komt der yet hwet by: it getsjirm fen 'e fallen kameraten. Det makket yen gek.

As yn sa'n slach in troep soldaten der ut filet, is dit faken in biwiis, det der foartiid gjin genóch lawaei makke is, om hjar to wennen. Ik scil net sizze det it altyd fen dit middel komt, as de striders trochsette, mar leau forfêst det it tsjinoerstelde al folie foar to kommen is mei in bihoarlik surplus fen „lüdchaotyk", tidich tatsjinne.

Yn sa'n fjildslach, sei 'k ; yn in slach twisken minsken dy't inoarren neat dien ha. It sprekt, det ik ek striders foar my krije kin, dy't oan 't lést ta baes bliuwe fen hjar seis, en gjin lawaeisaus nedich ha. Dit is 't gefal, as elk for syn eigen hiem en hüshalding, ef for syn skeinde rjuchten strydt; de skiednis wiist it üt.

For in folk det neat wol as 't miene faderlan fordigenje, scoe den sadwaende in saneamd folksleger foldwaende wêze?

'k Wit net, ef ljeaver: ik leau fen net. Hwent de skiednis wiist ek üt, det men den meastal letternöch yn 'e wapens komt, en foaral, det men to let op ienriedich hanneljen bitocht is.

Dit is de hoas, dêr't de folksleger-mannen mei twa foetten yn sitte.

It eigenbilang is in beam mei in swiere frucht, — dy't lykwol allinne yn eigen hof bloeit; op syn heechst ek yn bürmans.

„Lit se mar opkomme!" seit de boer, en spijt yn 'e hannen, mar hy bliuwt ljeafst binnen 'e hameije, krekt as Bijke. Hy fordigenet al sa ljeaf ien hiemsté fen 'e faderlanske boaijem, as tsjien — foaral as det iene tafallich sines is, en de oaren hwet fier óf lizze.

Né, ho't ljue dy't net fen bitinken binne det Nederlan syn leger wol öfskaffe kin om't it döchs net to fordigenjen is, foar in folksleger wêze kinne, dêr kin 'k net by. Stel b.g. det Dütsklan in sé is en üs