is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

eastlike grins de oere, den scil der by stoarmwaer earst hiel hwet lan blank stean moatte, foar'i in nije Caspar de Robles de boeren bybringe kin det dykjen in mienskiplik bilang is, leau det mar. En den koe 't wolris forgoed to let wêze. Hwent de sé ebbet, mar Dütsklan net, ha 'k soarch.

In Nederlansk folksleger scoe altyd mei 't salt komme, as 't aei op wier. It wier noait gauwernöch byinoar to krijen, al nimt men oan det men elk soldaet fen sa'n leger likegoed under 'e kwint ha scoe, as nou dy fen 't steand, hwet sa net is. De Nederlanners binne nou ienkear gjin fjuchtersbazen en de faderen wieme net oars as wy, hwet de skoalboekjes ek fortelle meije. Ivich en erfelik ha se hjar de fijan mei dyktrochstekken en 't iten fen ratten en muzen fen 't liif halde moatten; safier lieten se 't earst komme. It hiele forskil is, det, hwet men do faken „pas ier" neame koene, - nou „grif to let" hjitte scoe. De tiid is foarby, det men greven deaslacht mei fleijels, ef Spanjerdsmannen mei séwetter fen 't lan — en mei koaitsjende oalje by de bolwirken del spielt.

Ho't boppedien by in Nederlansk folksleger de bioardering fen boppen óf wêze scoe, kin men sahwet opmeitsje ut it wé getsjoen mei de lanwear. Der binne nou oarders jown, det de manskippen hjar gewearen thüs to biwarjen krije. 't Bouwen fen wapenkeamers yn 'e districts-centra kaem sa 't liket hwet to djür.

It salonwapen M 95, det men yn 'e kaserne hast al net tabitrouwe kin oan soldatehannen, (sa'n tear stikje boartersgüd is 't, en sa min to ünderhalden,) by de boeren yn 'e swinge, ef by de arbeiders op 't leech souderke, ünder 't panstritsen tek! Fij, Fij!

Mei in pear jier binne al dy skoandere „doode strijdmiddelen" ta de rotfotten üt, det scil alteast alles net skele En den komme de wapenkeamers der döchs, — for de bidoarne gewearen!

Né, ik scil hjir it lóf net sjonge fen 'e steande legers, — ik hab gelokkich wol better wirk om hannen, — mar my tinkt sa, dy't de lusten fen in ding ha wol, moat ek net tsjin 'e lésten oansjên.

Men kin likegoed in ein op in geld aei to brieden sette, as de Nederlanske lieu op in folksleger.

't Hearenfean, 1006.