Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

XVI.

In kwea pleit, — det in bryk abbekaet freget.

De skriuwer freget it wird for in „persoanlik feit." Hy wol de rie fen Wymbritseradiel forkleije om 't fortsjusterjen fen syn ünthald en ropt alle Gaestmarders en Aldegeasters op om 't selde to dwaen op groun fen ynbraek. — Nazareth. In stapmennich tobek, nei de tiid do't de skriuwer yet yn in pear klompen wenne. — In stik ierdrykskinde. — Jouke en Hiskje scille üt to iten nei Houke en Jiskje. — De tarissing. Mei ien foet yn twa lioazzen. — In öfskiedsrede sa't de measten binne. — Hwet de frjeonen hjar meijoegen op reis. — De pryslike soarchfaldigens fen üs fryske boeren, en hjar hoaskens. — In boerrfrysk wird for kertier. — „Oan Haeifeart en Bratsleat, Der teart Hjar hearlik iepen, Hja, dy't as Keizerinn' Oer Fryslan sit to sliepen"... to weitsjen moat it einliks wêze, mar sliepen rymt oan alle kanten better. — It fryske Napels, mei stinsen, moatorboaten, automobilen op ien tsjil, sky-scrapers, Waarenhauser, viaducten, hüsflyt en Vesuviussen; ja, in girle fen smaragd, in West en in Kaepstêd üntbrekke der net oan, likemin as in opera. — In dichtstik dêr't fêste klanten net for hoeve to biteljen. — Oer 'e Jordaen yn 't Unthjitten Lan. — In lyts üngelokje mei in great gelok. — Hiskje mei de rêch tsjin 'e Jordaen oan en Jouke op 'e Ararat. Hiskje prot, mar letter wer formoedsoend. — In viaduct det öfleit. — Jetse' Joukje op 'e ütkyk. — Jouke bitinkt earne hwet op, hwet him alle dagen net oerkomt. — In helt dy't net oer 'e helt komt. — Fé yn 't lan. — De skriuwer syn bikende biskiedenens. - In goê rie fen Jetse' Joukje. — Forüngelike jonges. — Jouke en Hiskje binne by Houke en Jiskje en blike dimmen en ienfaldich bleaun to wêzen, al ho't se seine binne mei 't ierdske slyk. — Yetris hwet oer 'e pleitsaek. — Jouke en Hiskje nimme ier en bitiid öfskie, en de skriuwer nimt it lang om let ek, nei't er Hiskje yet in rare kroane op 'e kop set hat.

Nou liz ik Jan syn forloftiid efkes efter my del, en kom nei foaren om it wird to freegjen for in „persoanlik feit".

By 't ynnimmen fen 't foarich drankje hat de lêzer fensels, mei de skerpens en fornimstigens dy 'k fen him wend bin, foartynienen fette, det it it paed fen Aldegea nei de Oaestmar wier, hwer't de

Sluiten