is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

forlofgonger sa fier it bisleur op kwytrekke, det er 't forline en 't hjoeddeiske, winter en simmer, ja nacht en dei trochinoar mjukse.

It is om dit paed, det ik, oars wend om it iene ta in ütdragen ein to bringen foar't ik mei 't oare bigjin

Skodholje en skokskouderje net sa Thomaseftich. Docht de ploeijer syn wirk heal, om't er net sieddet; de siedder om't er net sichtet; de sichter om't er net bynt; de bynder om't er net lést; de lêzer om't er net tersket? Né ommers! Hwent ien is it hwaens han de ploege stjürt en in oaren-ien dy't it sie yn 'e foerge struit; ien is it, dy't sichtet, en in oarenien, dy't de reap om 'e skeaf bynt; ien is it, dy't de forsille ieren fen 'e ikker lést, en in oarenien, dy't tersket. Mar it is ien en deselde flitigens, dy't de sekken follet en it nöt op 'e mounle draegt.

Om dit paed is 't, woe 'k sizze, det ik fen 't iene praet yn 't oare

slaen. Lês fierder, en dou scitt' it ringen ynskikke kinne, lêzer!

* »

*

Ik ha foar my nomd, om de gemeinte Wymbritseradiel to forkleijen.

In proces wol 'k hjar oandwaen.

En ik stean der alle Gaestmarders en Aldegeasters op oan, om de hearen fen 'e rie in pak oan to mjitten fen't selde lekken. Domenys en skoalmasters; hiele rinteniers en heale ; boeren en boere-arbeiders; winkelljue en fékwanselders; skütmakkers en skippers; manljuesskroarren en frouljuesskroarren; fervers mei en fervers sünder klompehannel, mar de earsten foaral; bakkers en bolrinders; dokters en skoenmakkers; timmerljue en hounekarriders; fiskerljue en aeksfolk; feinten, dy't nei de frouljue geane, en fammen, dy't Sneintojouns de feint forwachtsje ; ja, jonges en famkes en hwa't fierders minske is ef 't wirde wol yn dy beide doarpen, — ik rop jimme allegearre op om in skoatteltsje to striken foar de doar, dy't Wymbritseradiels rie iepenhompe wol.

By foetsok en klomp, by weaze en kweaze, by hikkepeal en daemlegger: Frysk bloed tsjuch op! wol nou ris brüze en siede!

Myn abbekaet scil 'k yn 'e klacht, dy 'k tsjin 'e rie yntsjinje, sette