is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

in oerdwealske rite bisletten hat, om in grintwei to iizzen twisken beide doarpen.

Giet it dy net kald by de lea del?

Det moast it alteast, ast' hwet herte hiest for dyn Gaestmarder en Aldegeaster mei-swalkers yn 'e mist fen dit ierdske bistean. Mar och! dou stêdman op dyn „kleine stientsjes", dou flekbiwenner yn dyn romme strietten, dou net-Nazarener yn ien wird, op dyn spikerhirde grintdiken en tsjustere strietwegen, hwet scoestou witte fen 'e wille dy't modder en drits, wiete foetten en smoarge boksen jaen kinne?

Op dyn „adhaesie" kinne wy gjin steat meitsje, ik wit it wol.

Mar döchs scil ik dy ris fortelle ho't it by uzes altyd west hat, yet is, — en by wolwêzen bliuwe scil, as wy üs proces winne, en det is ommers sa wis as de bank. Dou mochst der ris fen yn dy-sels keare en hwet minder jild ünnut fordwaen oan skylgüd, sintels, pün, basaltslach, grint en klinkert op 'e kant.

It sprekt fensels det ik dêrta tobekgean moat nei de tiid do 'k seis yet yn in pear klompen wenne. Sünt is der mülk wol ien en oar foroare, mar grif safolle net det it nedich is om my to biwisjen yn hofier do en nou feninoar öfwykje. In kniesear, dy't op in neatichheit sjucht.

De reis Gaestmar-Aldegea vice versa kin dien wirde op fjirderleije menear.

Foarst: men lit yen mei 't rydtüch helje en bringe. Det moat den foartiid to Heech bisteld wirde, hwent yn 'e Gaestmar pielt nimmen mei foermanderije. Dêr hat de hear Nimmen ek great gelyk oan; de measte Oaestmarders mei 't net barre om oars as op 'e bilwein to riden en de boeren halde seis riderij. Mei 't reau giet de reis oer Heech en Lytshuzen, en den de Aldegeaster Rige lans. Gans in om-

wei fensels. _

Oard: deselde reis as de foargeande, minus 't reau, mar mei bihald fen droege foetten, om't it in grintwei is. For skjinne boksen kin lykwol net ynstien wirde. Sünt to Heech de skoarstien fen t mölkfabryk rikket, is 't ein fen 'e Gaestmar nei dit plak net folie mear