is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

as in modderreed, dêr soargje de mölkweinen foar. Nirnt men derby yn eagenskou det fen 'e Gaestmar by Heech om nei Aldegea likernóch op 't selde delkomt as fen Ljouwert by Dokkum om nei Snits ta, den kin men 't fen tinken wol ha, det it der raer foarstean moat,

foar't immen dit paed for kar nimt.

Tred: men roeit fen 'e Oreate Gaestmar mei sloep ef skou nei de Tinten, in pleatske omtrint healwei Aldegea, en rint dêrwei. Op dizze menear stelt men yensels op heal rantsoen, hwet modder en

drits oanbilanget. .

Fjird: men rint it lanpaed alhiel. In foech ure geans is t, en men

wirdt sünder ophalden ünthelle op alles hwet de kok der natur skaft

by 't trochinoar mjuksjen fen 't droege en 't wiete elem.nt. Oan d.zze

patiele is dos de folie byt. En gjin oprjuchte Gaestmarder, ef hy wi

wol ho't de gerjuchten op elkoar folgje, hwent it is dizze reis, dy

meast dien wirdt, sa't yn 'e reden leit. ......

Ik bin 't alteast forskate kearen gien, dit paed; heal en hielenda . En as ik der goed om tink, giet my yette de grize oer 'e grauwe, sa'n nocht en wille joech it. Och, och! hwet ha 'k my wol formakke. foartiid, - den wier 't: „o blij vooruitzicht dat mij streelt!" - underweis, _ „Greift nur hinein ins volle en neitiid, hwent den wier t om-

mers wer foartiid! Sjêdêr, net-Nazarener! it skilt my de helt net.efi nim dy yn myn forbylding by de han en wy geane de reis togearre oan! Ik wol in oar graech hwet ta ha en binammen guds dy t fen t

iene ef 't oare foarby part binne ...

Mar né, det scil 'k dóchs mar stake. Dou mochst der underweis

de tiid ris öfnimme om om to sjên nei de Lytse Gaestmar, oars neam de Gribus, en ek wol de Lytse Haske; in plakje det wol ta soks utlokket. En den scoest faeks stykjen bliuwe en dêr stean moatte salang de wyn waeit, lyk as Lot syn wiif. Der wier ek gefaer detst skipbrek liiste — yn 'e klompen sjuch, hwent dyn knoopke-skoen koest ne oanhalde. En 't mei wier wêze det in skip op stran in beaken op se is, ik mien 't dy to goed om dy sa to pal komme to litten.

Dêr komt by, ik-sels kin op 't stuit ek min fen hus, al ho reis my de kiel ütbyt. Ik bin nammentlik gripich. Gyng ik nou,