is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

hei to witten eft it takomme wike ef oer fjirtsjen dagen better is. 't Is sa't se skriuwe: de hjerst komt oan en 't wirdt alle dagen minder!" En sa't Hiskje 't sei, wier 't Jouke goed. Det is sa 't brükme yn 'e Gaestmar, twisken man en wiif, — en op inkelde oare plakken ek, ha 'k al fornomd.

Do't Jouke de Woansdei-to-moarns nei melken — hy wier nammentlik koumelker, — syn aldste jonge de nedige oarders jown hie, gyng er yn 'e hus, om him to forklaeijen.

Hiskje stie krekt foar 'e spegel, mei de beide einen riuwtrie fen 'e floddermütse yn 'e müle. Do't se de keamersdoar hearde, seach se om.

„Km; k wr nt skrd!" sei se, nei't se himmunsterehie,sa'tallinne in troud wiif hjar man munsterje kin: yn in omsjuc'n, en döchsgoed.

Nou wierne Jouke de bylüden oars troch 'en tiid foldwaende, om hjar to forstean. Mar diskear wier 't him sa helder as kofjetsjok, hwet se bidoelde.

— „Hen?" frege er dêrom.

„Dt j j k wr nt skr h s'k!"

— „Hwetsj o jawis-jawis!" Hy forstie hjar yet like min, mar

seach 't ünwaer opkommen en paste it iennichste middel ta det inkeld wolris holp: mar ja-sizze op alles.

Nou joech 't lykwols neat. Hja naem mei eange wissens de trieds-einen üt 'e müle.

„Né-wis!" baude se him nei. „Jy mei jou jawis! 't Is altyd allegearre jawis-jawis! Ik sei det jy jo ek wer net skeard hiene, dèt sei 'k."

— „Né, det ha'k jisterjoune forgetten. Mar sa slim is 't ek net, wol?" Jouke gyng nést syn büksweargea foar 'e spegel stean, en roste him mei de han om 't kin.

„Slim ef net slim, 't is nou döchs al to let. Foart mar en gean my net yn 'e wei stean. Meitsje mar ljeaver det jy klear komme, wy moatte nédich foart. It hat niis al efkes wiet waer west en 't mocht ris wer bigjinne. Wy moatte sjên det we yn in droege bui oerkomme. — Dêr leit jou klean! En tink der om: doch earst jou skjinne hoazzen oan, foar't jy de broek oan ha. Hald dy alde foetsokken mar oan,