is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

de skjinne ha 'k jo yn 'e jasbüse stitsen: for my in pear en for jo in pear. Dy kinne wy oantsjen by Houke-en-hjar."

Wize soarchfaldigens fen Hiskje, sa'st sjên scitte, net-Nazarener!

Jouke teach syn seilbokse üt en joech him op in stoel del, hwent steandewei hoazzen üt- en oantsjen moast er oan liniger ljue oerlitte. Krekt hied er syn iene foet iorsjoen fen skjinne biklaeijing, do't der Hiskje wer hwet yn 't sin kaem.

„H j j 1 wskn?"

— „Hwetsj... o jawis-jawis!" 't Wier de wierheit: foar't er yn 'e hüs kaem, hied er op 't stalt de bannen hwet êfspield, de wiete fingers in reismennich oer kinstoppels en hier helle, en him mei de

baitsjemouwe ófdroege.

Einlings en to'n lésten siet de flodder sa 'thearde en wier Hiskje oan 't opsetten fen 't hoedtsje ta. Mar wyls't hja nei de tafel gyng om it üt it doaske to krijen, foei hjar 't each op Jouke syn seilbokse, dy't, efter him, by de stoel delhinge.

„Jouke, Jouke! dêr leit det wiete, smoarge ding wer efter jo, op ien fen myn skoandere stoelen! Ho faek ha 'k jo nou al sein, det jy jou deiske klean yn 't herntsje ophingje moatte, as jy se hjir üttsjugge?"

Ja, ho faek? Jouke rekkene der mar net oer. Goed tweintich jier hiene se troud west en al dy tiid hie Hiskje, goê-sloof! it selde sizze moatten, sa faek er him forklaeide. Nei sa'n lange rek fen droevige ünderfiningen, forwachte se ek net ienris mear in andert. Hja naem 't corpus delicti op en brocht it toplak; det se it wakkere fiis fen hjar öfhold, wier mear üt in oanwenst, as om him yetris goed sjên to

litten ho slim eft it wier.

Jouke pielde ünderwilens stiltsjes troch; as siikjen pielen neamd wirde mei alteast. Hy gyng oerein en seach op 'e stoel, gyng wer sitten en seach der ünder, eide yn 'e klean om, dy't op in oaren-ien foar him ré leine, en waerd bare ünrêstich. Do't Hiskje wer yn 'e keamer kaem, frege er, tige dimmen, hwent him eane, det er wer skildich stie: „Hea Hiskje, ha jy sims mar ien hoas klearkrige ? Ik ha ien oan en kin d'oare net fine, al gean 'k op 'e kop stean!

„Ien hoas ? Né wis net; twa, en yninoar strüpt en allegearre. Mar