is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

jy scille wol wer mei de noas siikje, tink 'k. Lit my mar ris sjên. Geart ris oerein. . . ."

Hiskje foun neat.

Do beide yetris oan 't siikjen, ünder 'e kast, ünder 'e stoellen, ünder 't güd, yn 'e jasbüse dêr't de foetsokken yn sieten, op 't lést ek yet yn 'e seilbokse dy't al yn 't herntsje hong — mar nihil hear! De hoas bleau to-siik.

„Hea nou, ik bigryp it net," sei Hiskje skodholjend. „Ik wit dóchs

sa klear as in klüntsje det ik se jo yninoar strüpt ré Iein ha

Welforgémi, dêr 'k sa'n wird om siz, hwet binn' jy in sokses, sjêdêr!" Mei wiisde se nei syn biklaeide ünderdaen.

Jouke üntstried it hjar net, howol er fen 't ho en hwerom gjin hichte krije koe, al ho't er by himsels delseach.

— „Hwer den?" frege er, hwent det hja de hoas nou foun hie, bigriep er üt hjar triomfearjen.

„Jy ha him oan. . .

Sa wier 't. Jouke hie de pendant levere ta de bikende sizwize. Hy siet mei ien foet yn twa hoazzen!

Mar dou wachtest mei langst op Nazarethske strietfloerring, lêzer! en dy scil 'k dy net langer üntkeare. Ho't it klaeijen fierders yn syn wirken gyng, mei oan dyn flugge forbylding oerlitten wirde. Njunkelytsen kaem Jouke yn 'e broek en Hiskje yn 'e rokken, en do hold de léste hjar öfskiedsrede tsjin it aldste fanke, det hüswarje scoe. Net tsjiere mei Piter. (Piter wier de aldste jonge, dy't heit üt it plak kearde.) Jan en Wytske elk in stikje koeke jaen as se üt skoalle kamen. En mar hwet pötstrou riere, sa't mem al sein hie. Mar de süpe net oersiede litte. En oppasje det der gjin bran kaem. En neat fen noaden, as der koerkerinders ef winkelljue kamen. En net rij mei de büter, as se joun foar kofjedrinken iten smarde, — as mem-en-dy den alris net werom wieme foartiid. Nou, dach Wikke, — en foaral foarsichtich mei alles, det der gjin bran komt. En net tsjiere mei Piter. En de süpe net oersiede litte. En mar dryst sizze fen neat fen noaden, mei koerkerinders. En net rij mei de büter. . . .

It slagge Jouke op 't lést om syn wiif mei to krijen. Dêr ging it