Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

det men der lans kin, ef hy freget yen nei de iene ef de oare kindige wei en haldt yen salang oan 'e praet, det er de kou dien hat. Ken er yen net, ef stiet men net bot yn 'e graesje, den is 't tüzen om trettsjen det er koartwei seit: „Ja, wachtsje mar efkes, ik bin yn in omsjuch ré."

Omsjuch is boerefrysk for kertier. Sims ek for tsjien minuten.

Is it omsjuch om, den wirdt it spantou losmakke, en nei t er yen efkes yn 'e knipe hawn hat twisken 'e hikke en syn plasterich efterst, giet de kou hwer't er it better krije kin, — om 't omsjuch in stap, det sadwaende is 't paed frij, foar't men der om tinkt.

Op 't gêrsrantsje steane great- en lytsfeint en faem en arbeidstermelkster hjar kij yen yn 'e wei en 't wallet en króllet yn 'e hiele yester fen bisten, det men docht mar 't forstannichst om yen, yn 'e ünderwal lans, nei in gewanten jiffer to bijaen, dy't men fen siden heal oer 'e feart stykjen sjucht. Dit is de neiste skied twisken yester en lan en men hoeft net iens om 'e jiffer hinne: men kin der oer ef der ündertroch. Libbensgefaer is der net by; de spikers dy't der yn sitte, scille yen net bite. Op syn heechst skoert men der yens klean oan op.

Mar 't wier gjin melkerstiid do't Jouke en Hiskje dêr lans kamen, en hja troffen 't dos. Der stie mar ien kou dwers oer 't gêrsrantsje en do't se troch de yester wieme, bliek it, det Hiskje hie mar ien klomp forlern. Nou, dy hie Jouke gauwernöch wer ophelle, wyls 't hja salang op d' oare foet stie, — om 't lan skjin to halden, tink ik, hwent hjar foetsok wier al fen ünderen, lyk as de yester fen boppen.

Sünder mear üngelokken to brekken, kamen se yn 'e Lytse Gaestmar, dêr't it paed for in diel efterlans, for in diel ek trochhinne rint.

Jouke loatste syn wiif bihalden oer 'e trije houten, dy't hjir likefolle skieppepóllen oaninoar en oan 't lan forbine. Do kaem der wer in yester. Hiskje forlear mar wer ien klomp. De oare fensels.

Do't Jouke dizze ek ophelle hie, bleauwen se yet efkes stean om üt to pusten. Teffens waerd dy tiid tsjinstber makke oan it bifredigjen fen 't gefoel for 't moaije, det elk minske min efte mear hat, in

Sluiten