Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

op plakken dêrsl neat lo meitsjen haste! Mar fensels, nijsgierrige ljue dêr kin men net foar, det dy de lava ris oer 'e hege skoen rint. Hawar, 't is goed for kalde foetten. Ik woe mar sizze det de Lytse Gaestmar en Napels inoarren op en del net sa fier üntr'inne.

Ja, ja, net-Nazarener! sjuch de Gribus en. . . . libje den fierder om myn part. Mar forstrüp dy earst hwet.

En nou ha 'k allinne yet mar biskreaun hwet it each sjucht. As ik ek ris allegearre forhelle hwet it ear heart en de noas rukt, — och man, den kaem der gjin ein oan! Ja, det de grêften, dêr't dy skilderhuskes sa skildereftich oerhinne steane, de noas sines jowe, ha 'k al efkes sein. Mar wirdt der ek net altyd op syn minst ien fen slatten? Det docht der fensels dubeld en dwers by, hwet der oan to koart komme mochte. Sciile se fierders net jimmer sipels ite yn ien fen dy alde stinsen? Wirde der gjin klynspitten stookt, sa farsk as pikelhearring? Wasemet de swietrook fen 'e lava üt al dy Vesuviussen net oer 't paed as de dauwe oer 't wetter?

En hwet it ear oanbilanget: de Lytse Gaestmar is om sa mar to sizzen ien swietlüd allegear swietlüd. De Gribuster sjongfügel is eigentliken de protter. Mei likefolle rjucht as Manus fen Justus van Maurik by syn dinêe seit: „O yes monsieur, ich sprasse alle sprassen!" kin de protter ütskatterje, det er alle partijen sjongt, en sa'n ien past de Gribusiten. Mar üt en troch wirdt er trou bystien fen 'e skierroek. Maitiids sjongt de koeküt it recitatyf, en simmerjouns lit it griene gealtsje him net ünfortsjinstlik hearre. Ek alje de kij gauris. En last not least', steane der net altyd op in steichshoeke in pear frouljue in duet to tsjieren? Sims bispylje se de luiwagen der by, en inkeld de feger ef de tange ek wol, mar det is oars mear keamermuzyk, dêr't de manljue it geniet fen ha.

Siker, ik moat my ynbine, hwent ik kin Jouke en Hiskje net ald en skiër wirde litte ünder 't ütpüsten en niget-sjên. Mar oars, o! ik koe der boeken oer folje, oer dyselde Gribus, ja det koe 'k!

Jouke en Hiskje lykwol woene dy deis hjar büken folje to Aldegea, en teagen dêrom fierder, do't se hjar sêd sjoen en wer „stoom op" hiene.

Sluiten