is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Op 'e oare ein fen it fryske Napels kamen se by in draei, dy't öflaei. Jouke draeide him oer, mar it hie yet al foetten yn 't gat foar't se der oer wieme, hwent Hiskje wier, mei al dy rokken yn 'e hichte, breed om 'e mil en heakke efter 'e lynje. Hja hoefden net to biteljen, det skilde safolle. Op in boerdtsje der njunken stie wol it dichtstik: Het pat tot hieraantoe is vrij, mar loopt gij langs

(het houdt, al oover deuze sloodt,

Dan betaalt gij 2>/2 sent aan Pieter van der Goot!

mar Piter Arjens levere hjar winkelwaren en for fêste mingers wier

't in skiklik man.

Do't Jouke en Hiskje oan Jarich de Groat syn yester ta wieme...

Hea ja, ik ha niis hwet forgetten det oars nedich forteld wirde moat: Jouke wier op syn sljuchtsneinsk, inar Hiskje hie 't der for top by stean. „Hwent," sa hie hja sein, „for in manminske komt it der sa lyk net op oan. Jimme hingje dóchs de hiele godganskelike dei om hüs en hear om, en den is 't gau goedernöch. Mar ik en Jiskje scille de bürren wolris efkes yn moatte, en den wol 'k der sa raer net hinne

rinne, det liket der my neat nei."

For Jouke hie dizze bigearte fen syn wiif in utkomst west, for safier it him oanbilange. It troupak wier him allinkenwei hwet to nau wirden; it boarstte hast üt 'e naden as er 't droech. En bütendet wier er al sa Ijeaf yn syn sljuchte pluntsjes. Al pasje yens béste spillen yen noch sa bést, men moat der yen döchs alhiel om forhalde. Fensels, mei bigraffenis en as er mei oan gyng, moast er wol yn 't lekken forskine. Sokke tiden is 't sims ek mar goed, det in minske himsels hwet twang oandocht. Mar oars. né hear! Jouke wier bliid,det Hiskje sa sunich op syn troupak wier.

Nou, do't it nommel pear den oan 'e tredde forgarbak fen 't fette der ierde ta wier, waerd der earst rie bilein, hwent dizze joech fen 't goede döchs sikerwier hast tofolle.

,,'k Woe om in moai ding, det wy der mei skik troch wierne,"

sei Jouke.

— „Ik om twa!" andere Hiskje. „As wy mei de skou nei de Tinten roeid wierne, det hie gans better west."