Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

„De skou kin net fen hüs. Ho scoe de jonge oars oer 'e feart komme, by de kij?"

— „Hiene jy den gjin skou liene" kinnen, ef in sloep ? Mar jy scille der ek gjin finger om yn 'e yeske stekke, det men hwet himmel en skjin oerkomt!"

Dit wier nou net alhiel rjuchtfeardich fen Hiskje, hwent foarearst wier se op 't wetter sa bang as 't hountsje en oard : as se farre wollen hie, hie se hjar eardernöch oppenearje kinnen. Mar 't earste Gaestmarder wyfke, det net tsjin hjar man bigjint to eameljen as de miette fen 't deistich libben oerrint, moat yet ütfoun wirde. As 't de Gaestmarder frouljue net alhiel nei 't sin giet, krije de Gaestmarder manljue it op 'e kape. Al wer in biwiis, det de Gaestmar der döchs einliks hwet ütrint, hwent yn oare paradizen krije de frouljue de skild. Mar och, goed bisjoen, kin men Hiskje ek al wer gjin üngelyk jaen, det se Jouke biskrobbe; hja die 't allinne hwet al to sêft en gyng net genöch op de man óf. As se him rounut it al to oerfloeijende fen 't Kanaan, det foar hjarren Iaei, forwiten hie, hied er der neat tsjin ynbringe kinnen, mei rjucht en reden alteast net. Hwent Jouke klaeide him for „hear der skepping", en dy't him sa neame doar, moat den ek mar soargje, det der gjin smoarge yesters binne.

De man hie, sa 't like, in heldere rite en seach dit yn. Hy fordigene him tominsten net. Swijend holp er Hiskje oer 't stek: de Jordaen dy't hjarren yet skaette fen 't Unthjitten Lan. Do sei er: „Ik gean foar, om 't béste paed to siikjen. Bliuw mar deun efter my en stap hwer't ik stap."

In trêdmennich gyng 't goed. Do .... ho 't kaem wit ik net rjucht, mar Jouke hie fêst it béste paed net foun, ef oars net bitocht, det Hiskje hjar klompen leger fen forskansing wierne as sines, — hwent op in stuit miende 't goêsloof det se 't net mear bidjipje koe en....

As in salamander midstwa kappe wirdt, rint syn iene helte foarüt en de oare eftersttobek, wirdt der for wier forteld. Ik mei oars de ienheit man-en-wiif net by sa'n ünhuer bist forgelykje, mar it moat der nou döchs fen komme, hwent hjir gyng 't krektsa. Wyls't Jouke stiltsjes trochbaeide, nou just net rjucht foarüt, mar döchs altyd min

Sluiten