Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

fen 'e ünderste bopperók — ef fen 'e boppeste ünderrók, ho moat ik

it neatne, frouljue?

It wier dos yn allen net iens sa slim biteard. Eft Jouke op syn eilantsje dit foart wol yn 'e smize hie, ef det it toaniel him op 'e sinen sloech, wit ik net, mar hy koe 't laitsjen net litte, en 't dürre yet al efkes, foar't er freegje koe: „Och heden Hiskje, ho komt dit sa raer? Ha jy jo ek biseard?"

Hiskje wier kjel, en fen 'e kjellens moeilik wirden, det kin men bigripe. Mar do't se Jouke laitsjen seach, waerd it al oars, mar net better.

„Eft ik my ek biseard ha, freget er! Al hie 'k hjir omkomd, den gniisden jy noch! Eft ik my ek biseard ha! Det batst mar troch, sünder nei yen om to sjên! Hie my mar foargean litten, as jy de

droechste plakken net better to finen witte. Nou, to nou!

Scitt' my ek helpe, dromer?"

— „Hwetsj o jawis, jawis!" En Jouke, dy't einliks yet mear

forwachte hie en dêrom „op de plaats rust" stean gien wier, forliet syn Ararat. Underweis pikte er Hiskje hjar klompen op, dy't driftich wirden wierne en mankelyk omfarken.

„Sjugg' jy wol: earst de klompen en den ik; safolle wirdt der om yen tocht!" sei Hiskje en bigoan fen nijs oan op to spinnen. Earst woe se syn help net ienris mear oanninime, sa slim wier 't. Mar nei't Jouke hjar dóchs oerein holpen hie, bidarre se hwet. Hja gyngen de Jordaen wer oer; foar't se in nije yntocht weagen, moast Hiskje earst hwet hoffene wirde nou? en dêrfor hiene se op'tsmelle gêrsrantsje binnen 't stek gjin earmslach. Bütendet wier dêrgjinskjin wetter to finen. Det wier der lykwol oan e woastynskant fen e Jordaen allike min, howol se nést in lansleat stiene. Jouke koe 't oer 'e flotgêrzen hinne net birikke. Sadwaende wier 't in hiele ütkomst do't de greatfaem fen Jarich de Groat tafallich efter hüs kaem, en de pleats stie flak nést de yester, -- oanbea om Hiskje op 't stalt de ünderrök hwet óf to |himmeljen. Dy foarslach waerd foartynienen oannomd.

Der wier ek yet in oar fortüntsje by: hja hoefden om op 't hiem to kommen net troch de yester en do't se hjar nei de restau-

Sluiten