is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Dy hie 't suver neat west om der oer to kommen, net-Nazarener! Hwent by de barten stie, oan Jouke-en-dys kant, in rige arbeiderskeamers oan 'e feart, dêr't sloepen genóch foar 'e wal laeijen. Dou hiest in arbeiderswyfke bütendoar roppen, — ef né, Jetse' Joukje, üt 'e neiste keamer, dy't de glêzen nei 't paed bat, wier al oer 'e ünderdoar hingjen gien do't se dy, langejas-man, oankommen seach, om dy, nei't se hjar sêd sjoen hie oan dyn lang gesicht, hjar tsjinsten oan to bieden as „Schifferin". Nou, den wierst by't ynstappen oer't easfet stroffele en mei de rjuchterfoet yn 't easgat tolanne, det is to sizzen: to wetter komd; by 't ütstappen hieste de lofterfoet fordwinen sjoen yn 'e flotgêrzen, — dou kinst ommers net neffens de kinst yn- en ütstappe yn sa'n licht fartüchje as in sloep is, al gyngste op 'e kop stean, sjêdêr! — den hiest hjar mei in Rothschild-gebearte in dübeltsje jown, — en de oplossing fen it barte-probleem hie opdraeid for hwa't nei dy komme scoe. O, Jetse' Joukje en ik kenne dy, leau det mar!

En Joukje döchs! Dy wit krekt hwet flêsk hja yn 'e küpe hat. Hja wist it alteast ek wol, do't se Jouke en Hiskje foar 't set forskinen seach, hwent hja bleau stiltsjes yn 'e hüs. Dagelikse minsken binne der foart net oan ta, om in grou botsen de man to jaen for oersetten, hie de ünderfining hjar leard.

„Ja, ho scil 'k nou?" frege Jouke wer, en nou seach er Hiskje oan.

— „Ik wit it net. As jy it net witte " andere dy, op in menear

dy't düdlikernöch to kennen joech det hy forplichte wier om it to witten. Hja hold midden yn 'e sin op, mar der leit sims mear krêft yn frouljue hjar swijen, as yn hjar sizzen. Jouke forstie wünderbaerlike bést hwet se net sei, en it brocht him ta dieden. Sa mar ynienen bitocht er der hwet op.

Hy smiet in legger oer, en yet ien, lei se deun tsjininoar oan, en makke rislewaesje om oer dit smelle, wiffe brechje de oertocht to dwaen. „As ik der earst mar oer bin, den skou ik ien barte oer, en den komme jy!" sei er, wyls't er al stie to driigjen.

„Mar as jy der ris ynreitsje!" lamentearre Hiskje, hwa't de binaudens om 't hert sloech, nou't it der ta komme scoe. „Den wier der gjin rie ta, hwent ik kin jo net helpe!"

— „'t Moat!" sei de foarste helt fen 't nommel pear, — en fen