is toegevoegd aan uw favorieten.
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

myn forhael. „As ik mar oer 'e helt bin!" Hy drige yetris, en wrachtsjes hear, dêr gyng it hinne.

Mar de helt kaem net oer 'e helt.

De iene legger, dy't hwet wippelich laei, kantele ünforwachts in slach om. Jouke stie efkes op syn lofterfoet to wjukkeljen, sette do syn rjuchter tige forheftich del op 'e deserteur, dy't dêrtroch yet in slach kantele, en, om't er ek al hwet skean laei, it haed bjuster rekke en yn 'e feart plofte. . . . Jouke wjukkele wer efkes hwet op 'e lofterfoet, joech him do plat del, en. . . .

Fen in skilderslearling, dy't fé yn 't lan teikenje moast, mar dêr gjin kans ta seach, wirdt forteld, det er in leech büthüs op 't papier brocht. Hwent, sei er, det wier ommers ek „fé yn 't lan."

Sa moat ik nou ek. Ik kin dy sjên litte, lêzer, hwet Hiskje seach, hwet Jetse' Joukje seach en hwet elk sjên kinnen hie as er der by west hie: in leech plak yn 't hielal, hwer't efkes foartiid dóchs yet in Gaestmarder koumelker stie, likernóch yn 'e selde halding as de flaggemantsjes foare op üs binne-stomboaten. Mar krekt en nei wierheit to skilderjen ho nioai Jouke oan hannen en foetten boppe 't kealledrinken hong, oan 'e legger dy't lizzen bleaun wier, né, sa fier strekt myn kinst net. Ef lit my ljeaver sizze, mei myn bikende biskiedenens:

sa fier strekt de kinst net.

Hwet der foart nei Jouke syn wei-wirden allegearre foarfoel, dêr kin 'k ek allinne mar it foarnaemste fen neifortelle. Jetse'Joukje kaem bütendoar fleanen, det wit ik wol. Hja sprong hailje-trawailje yn 'n sloep, en foer ünder 'e sabeare gymnast. It set wier gelokkich net sa heech, det Jouke koe him samar yn 't fartuch delsakje litte. Hy wier slim kjel wirden, mar biseard hied er him net. Ringen hied er de fêste groun wer ünder syn trilderige foetten en koe Hiskje, dy't oan ien tried troch jammere, de treast bringe dy't se sa bidroefde nedich hie. Och, hwet hie det sloof hwet utstien! det is ek mei gjin pinne to biskriuwen! Hja wier folie oerstjürder as Jouke. It dürre wol in kertier, en 't foreaske twa trije bakjes kofje, — Joukje hie hjar fensels yn 'e hüs noade, — foar't se de reis wer foartsette koe. Jouke wier ünderwilens efkes oerfearn en hie de barten oerskoud, mar Hiskje doarst der amper oer, sa skruten wier se wirden.