is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Do't Jouke Jetse' Joukje in dübeltsje yn 'e han treau, krige dy ynienen sa'n meidielsume rite, det se him in goê rie joech. Hja koe 't hjarsels neitiid hast net forjaen, hwent as er der mei to keap roan, koe se der licht minder oersetten om krije, en in dwaes minske, dy't syn eigen nearring staf makket, nou? Mar't kaem fen det wytjild; det krige se oars fen sok soarte ljue as Jouke net to sjên.

„Sjuch Jouke," sei se; „nou scil ik jo nochris hwet sizze. As jy wer foar in iepen set komme en oan jou kant lizze oars net as de leggers, den moatte jy se alle seis oer smite, den kin 't hwet lije!"

— „Hwetsj.... o jawis jawis! Hea ja, stom det ik der niis net om tocht ha!" andere er, mar hy wier bliid det Hiskje it net hearde, hwent den hie der letter gjin ein west oan 't ge-eamel oer syn dommens. Hy naem ek foar him, om der tsjin nimmen in wird oer to kikken; det sadwaende, Joukje hjar praetskens hie hjar net ienshoefd to rouwen.

En nou bin 'k swietsjeswei oan 'e ein mei Jouke-en-dys Aldegeaster reis. Hja hiene yet in tweintich minuten to gean en 't paed bleau fensels kweazich, mar mear trammelantsjes hiene se net. Oan 'e Aldegeaster bürren kamen se yet al wer foar in draei dy't öflaei, mar efkes foar't se der oan ta wieme, draeiden de jonges dy't der flak by oan 't knikken wieme, dy oer. Det se him, do't se folk op kommende weis seagen, ek öfdraeid hiene, stie op hjar troanjes net to lézen, mar dêrom mei men 't döchs wol for wier nimme. Dêrmei skiedt hjarren alhiel gjin ünrjucht, al meije se der faeks for dizze iene kear ris gjin diel oan hawn ha. Hja ha 't foar en nei fakernóch dien. Aldegeaster jonges binne sa, — en Gaestmarder ek. It smyt draeisinten op, sa 'k al earder sein ha.

Do't Jouke en Hiskje einlings en to 'n lésten goed en wol by Houke en Jiskje om 'e tafel sieten — Hiskje mei in skjinne ünderrök en in droech pear hoazzen fen Jiskje en beide mei de droege foetsokken oan, dy't Jouke sa't wy witte yn 'e buse hie, — wier 'tearste praet oer 't paed, det kin men fen tinken wol ha. Nou, Jouke-en-dy tortelden it neiste, en 't alderneiste holden se for hjarsels. It leit net yn 'e Friezen hjar aerd om to pochen oer hjar bulte ünderfining, ef der great op to wêzen det men fen it ierdske slyk better yens part krige hat as in oar. Men makket de minsken gauwernóch oerginstich.