Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Oer ien ding wierne se it lykwol iens, nammentlik det Wymbritseradiels rie üt ljue bistie dy't fen hüshalden wisten, in hopen tiden fierder mei de pong kamen as in oar mei 't jild, en yen yens

rêstich libben net forginden.

En sa tochten koartlyn yet alle Qaestmarders en Aldegeasters der oer. It bikomt hjarren nij, o sa nij, det dyselde rie nou hjar skoandere sinten fordwaen wol oan in wei, in ding det ommers döchs mar totrape wirdt as 't der ienris is. It leit hjar bare heech, det wit ik. En my ek. Dêrom trünje 'k yetris alle geamigen oan om hjar mei my tsjin sokken oerdwealskens to skoar to setten.

Winne dogge wy it pleit grif. Wy ha altyd trou üs lésten bitelle, en dêrom rjucht fen praten. Us paed is uzes en oars gjin ien sines: üs froedsljue ha der net oer to kedizen ho't de Gaestmarders by de Aldegeasters en de Aldegaesters by de Gaestmarders komme scille.

En as se hjar sin al krije as de wei der döchs komme mocht,

— wy bilibje in frjemde tiid, men wit langer net, ho fier 't ünrjucht gean kin yn 'e wrald! — den stel ik üt det wy dogge lyk as dy boer fen Staring, dy't al syn libbensdagen nést de nije brêge troch de feart wadde, om't hy tsjin 't slaen fen det nijerwetske ding west hie. Lit de riedsleden en oare net-Nazareners den mar dobben yn 'e skoechsoallen krije, ef de grint troch de klompen traepje, op dy ryddyk, — wy halde üs stiltjes by üs Unthjitten Lannen, üs Jordanen, üs Vesuviussen en üs viaducten; yn ien wird: by üs paed. Dy't ienris, lyk as dy oare gelderske boer, mei de tomme nei ünderen sein hat: „Ik zij d'r teuge, omda' 'k d'r teuge zij!" moat ek fen gjin biliesjaen witte.

Ik achtsje my oars net forplichte om Jouke en Hiskje wer thüs to leverjen. Mar de rie mocht ris miene det se op 'e nije wei wachtsje, en dêrom wol ik yet meidiele, det se dy selde middeis, nei't se der Houke en Jiskje tige op oanstien hiene om de skea skieik ris werom to heljen, ier en bytiid öfskie nomd ha. „Hwent," sei Hiskje, „ik wol ljeafst foar tsjuster wer thüs wêze. Om 'e bern, wittsje!"

Krekt, sa wier 't: om 'e bern. Net om't it yn 't fintsje, twisken 'e Lytse en de Greate Gaestmar, wolris spüket, — alhiel net hear! Dér steurt gjinien Gaestmarder him oan.

't Hearenfean, 1906.

Sluiten