is toegevoegd aan uw favorieten.

Frysk sêgeboek

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Deaden ofiwekke.

In famke üt Medum (Miedum), in weefster, is sa mar siik wirden en stoarn en hat hielendal dea west fen de oerdeis trije üre oan ’e iere moarn ta, oant de xnem fen it famke mei beaën en geloften faer Siardus mei hjar hiele herte oanrop. Daelk is it famke wer libben wirden.

In jonge üt Hemwert (Hemert by Burgwerd?) fen likernöch trije jier, dy’t yn in djippe sleat rekke en dêr dea üthelle wier, hat al gau do’t in gelofte for him oan faer Siardus dien wier, syn müle en syn eagen iepen dien en is wer libben wirden. It himd fen dizze jonge waerd by it grêf fen Siardus hongen.

It omskot fen Siardus is yn letter ieuwen mear as ienkear forfearn; sa waerd it yn ’e tiid fen ’e byldestoarm for in great part byset yn it kleaster fen ’e H. Marije Magdalena yn it bisdom fen Hildesheim en it hat dêr mannich wünder biwirke.

Ek yn Flaenderen dêr’t it yn ’e 17e ieu hinne forhüze, wirdt mear as ien wünder op rekken set fen Siardus syn omskot. Yn ’e abdije fen Tongerloo wirde

Foswerd ünder Ferwerd), dy’t oan ien side forlamme wier en dy nei syn genezing syn stok, hwer’t er by it gean op hong, by it grêf fen Siardus efterliet; in soan fen in Liuppo (Ljippe) fen Liuwert(Ljouwert) dy’t fjouwer dagen fen in kweageast biseten wier; in man fen Penningem (Peinjum), dy’t oanhaldend pine yn syn iene skonk hie; sister Bawa Roarda fen Templum Domini (Weard ünder Mitselwier) dy’t tige litte oan ’e trêddedeis koarts; ’n frommins üt Twislem (Twizel), Luidgardis, fen ’e tsjerke fen ’e Hillige Petrus, det in heal jier lang in opkrompene han hie; de smid Beno fen e parochy Wandelswert (Wanswerd) dy’t it ljocht yn beide eagen kaem to missen; in faem dy’t de nonnen fen Nazareth (kleaster Gernaert ünder Hallum) bystie, en dy’t de spraek forlern hie; de soan fen slachter Godescalk fen Ljouwert dy’t, mei syn lea opset wierne, net gean koe, ensf.