Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

paraplus yn lizze litten, omt dêr dochs gjin bilesting fen bitelle hoechde to wirden. Mar o diveker! wy hienen in nije trein, de oare gyng net fierder, en ho't ik socht, der wier fensels neat to finen. En do wier 't in min spil; de frou yn 'e trein mei de beide koffers en ik op 'e draef om 'e forlerne spillen, ik hie'tjild en de kaertsjes yn 'e büse en der wier net folie tiid mear. In „beambte" mei in reade pet op, dy't ikfrege, moast dêr stean bliuwe en koe my net belpe, mar do wier 't ahver goed, det ik de kelner hwet ryklik bitelle hie, hwent hy draefde mei my trocli hikken en gongen en keamers, en holp my om it spil wer to krijen, dat al kreas byinoar boun lei ünder de „vergeten voorwerpen." Do noch in ein „stormpas" om de trein wer to finen, dêr't de frou al lieal üthong 0111 my op to heinen, en ik siet noch net goed ef foart gyng it. Do bat de kniper al effen op 'e skine wést, hwent in wiif forspylje om in pear mantels, dat koe net üt, mar in mantel forspylje, dat koe om myn wiif wer net; lokkich det men den in pear skoane skonken bat en in bekje fol Fransk mei hwet lytsjild. Nou mar, wy sieten dos wer mei üs hiele hüshalden yn 'e trein en stapten der ek wer mei üs hiele hüshalden üt yn Mettfotte, it plak dêr't Paul Kruger ek in skoft wenne bat. Alhowol ik gjin wird oars sein hie as „s'il vous plait" tsjin de portier, dy't üs óf helle, spriek de man my dalik yn it Dütsk oan. Dit foei my frjemd oan yn Süd-Frankryk, dat trocli Ingelsken bast oerstreamd wirdt, mar letter mirk ik wol, det syn baes in Dütsker wier.

Oan Mentone kin men, lyk as oan Nizza, sjên, det se it dêr net fen 'e earmoede ha moatte; it is dêr allegearre „luxe-paleizen", it iene greater en moaijer as

Sluiten