is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

wirde op Müntsepólle, as 't slagje woe. Hja wier net tsjep yn 't wêzen, né, fier fen det; hjar troanje wier lang en smel, en siet fol ljip-aeijen. Mar hwet scoe det? lenris hied er sjoen nei reade wangen en in blier uterlik, en in frouminsk nomd det nin reade sint op 'e wrald hie. Der wier er mei bidragen rekke. Syn twad wiif moast jild meinitnme. En dêr scoe Lolleboer wol for soargje, hwent dy hie se.

Det Akke him net op 'e blauwe kêdde nei hüs jeije scoe, miende er al sahwet to witten. Syn moeike, deselde dy't in hüsfrousfaem for him woan hie, kaem altomets wol by Lolleboers, om 't, hja wier yet in bytsje folk fen 'e frou. „In graedtsje uterliker as pürfrjemd," seine somliken dy't wisten det Wytskemoei kaem dêr't se bean .... en dêr't se net bean wier, en der dêrom de gek mei hiene. Nou, det minske hied er der op ütstjürd. Hja hie Akke ris tante, en goed biskie krige; alteast, it hie hjar sa talike, det de faem der net fij fen wier.

It bigoan al min efte mear hjerstich to wirden, do't Tsjalke Teades op in Sneintomiddei foart nei iten fen 't hiem stapte, syn béste pak klean oan, en de opreed delgyng dy't him op 'e pundyk brocht.

Do't er it klokhüs foarby wier, sette er it lan wer yn, op Lolle

Hylkes' pleats ta.

It scoe wêze.

Hy moast de fügels net oer 't net fleane litte, hied er bitocht. Der mocht ris in frijfeint op los gean dy't hwet mear wier as in sljuchtwei boere-arbeidersjonge, en den wier for him, in widner mei in bern, de kearte forjown, det hied er wol for 't forstan. Yn't earst-oan, do't it plan yn him opkomd wier, hied er der ek neat net tsjin oan sjoen, mar do't it op trochsetten oankaem, foei syn drystens him wer neat ta. 't Wier dochs wol in dripke to gau yette. ...

Nou Snjeontojoune lykwol hied er hwet heard, det him net oanstie. 't Hie dy wyks Oreongeaster merke west, en Akke wier thüsbrocht fen in boeresoan ünder Lytshuzen wei!

Do wier er foartynienen rislewearre.

Kaem der al to folie praet fen, einou, den wier 't om syn bern wer in mem to jaen, en dêr mei üt! Eft er oan Akke wier in goede mem for syn jonkje bitrouwe scoe, dêr wist er neat fen, en det wier