is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

12

— „Ja," tocht er, „in Ijeaflik famke! Hwet men om utens siikket, fynt men sims by honk Hoffer fen al dy flittergatten is mei hjar to forgelykjen? Ik siz mar: gjin ien! En ik wit it, hwent ik sjuch it alle dagen weroan foar myn eigen eagen, ho flink eft hja is, yn alles! Oaren binne dêr blyn for, sa't liket, mar ik sjuch it. Us boer hat de blynkape ek foar en det is mar goed!"

„Ho binne jy hjoed sa hiemfêst?" frege Antsje. Hja kaem bütendoar en gyng op 'e bank foar hus sitten, nést poeske, dy't tsjin 'e sinne to knypeagjen siet.

— „Och, ik mei tsjintwirdich ljeaver thüs wêze, as det ik yn 'e bürren omslaen. Hwet hat men dêr ek al?" andere Jurjen.

Underwilens kaem er nei hjar ta. Hy reage de kat mei in geklik wirdtsje fen 'e bank, en naem it lege plak yn.

It kaem net by de jonge hüsfrousfaem op, om fen him öf to skikken. Hwerom scoe hja 'tek dwaen? Jurjen, ünsjuch en biheind, wier net immen dêr't in kreas jongfaem sedich for fen siden skikke scoe, om him sa, mei hjar sabeare-fijens, stadich-oan mei to lüken, sa't det oars wol giet. Hy wier in goede siel fen in fint, fierders neat, en mocht like goed nést hjar sitte as poeske.

Bütendet, hja wier ek alhiel sa net.

„Witt' jy it greate nijs al?" bigoan Jurjen. „Us boer giet wer op

frijers-foetten."

— „Us boer op ... . frijers-foetten? Nou al?"

Hwet fleach der op in stuit oer hjar wêzen? Wier 't it skaed fen 'e ald linebeam, dy't syn brede tüken oer 'e bank büge as de wyn troch 'e blêdden gyng, ef wier 't hwet oars? Der kaem sa mar yn ienen in frjemde, stroefe earnst op hjar troanje en hjar eachslidden

bigoannen nuver to triljen.

„Nou al?" frege se yetris. Hja sei 't mear yn hjarsels as tsjin 'e feint. Dy naem it lykwol for klearebare nijsgierrigens, en andere:

— „Ja hear, nou al. Is 'tnet in moart? Niis-krektsa is er de dyk üt stritsen, nei Lolle Hylkes. Dêr in dochter fen, sjuch!"

In lyts toarntsje waerd der neat sein Do frege Antsje, mar it kaem der skruten üt: