is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Tsjin Antsje wier Jurjen wer deselde as yn 't earste jier fen hjar

wenjen op Müntsepölle.

Ef né, döchs net earlik. Syn redenaesjes oer 'e boer, dy't hjar hinderen, sa't er wol dealske goed merkbiten hie, liet er nei Hy hie eftertocht genöch om njunkelytsen to bigripen, det er dêr nin sierke

fierder mei kaem.

Yn oare dingen died er safolleste mear syn bést; hy skrepte him de neilen hast fen 'e fingerseinen, om yn hjar ginst to kommen. Alles dêr't er hjar in deugd mei dwaen koe, dêr wier er as de piken by; fakentüds hoefde se hjar net ienris to oppenearjen. It wier krekt as bigriep er det se skeel hie, en as died er syn bést om hjar to treastjen. Dêr wier ek wol hwet fen oan; hy wist hwet der yn hjar omgean moast. En, — al hied er der in tigen weet fen hawn, do't er fornaem det hja de boer ljeaver hie as him, nou't itgefaer oer wier, wier syn Ijeafde dóchs greaternöch om meilijen mei hjar to habben. Det er syn meilydsumens brükte om 'e line tichter om 'e reak to skearen, dêr koe nimmen him lilk om oansjên. Men moat yn sa'n gefal alle herten mar

ris by yensels tinke.

Antsje hie altyd wol oer Jurjen mocht, al hied er by tiden hwet oer him, det hjar net bjuster hage In minske' sin wier altyd net gelyk, tocht hja. Det hja seis de reden wier fen syn forkearde riten, kaem hyn efte nei net by hjar op. Tsjintwirdich die 't hjar dübeld goed, det se immen om hjar hinne hie, dy't net allinne nin ünfortogen wird tsjin hjar sizze scoe^mar hjar ek yn alles holp. Yn e léste tiid seach hja altyd like near-eagich; syn kameraetskip fleure hjar wer hwet op. As er ris in hoartsje nochlik mei hjar praette, wier se him tige tankber. Jurjen seach det wol, en it joech him op in stuit de moed dy't er

oan distiid ta mist hie.

„Nije wike is 't al Greongeaster merke, witt' jy wol?" sei er op in joun. En do, sahwet skruten: „Ha jy al in feint to merkehalden,Antsje?"

— „Net better to witten: né 1" andere de jongfaem, dy't syn frage for mallichheit naem, glimkjend.

n Gean mei my, juh!"

Forheard seach se him oan. Miende er it?