Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Stadich-oan wirdt de seale leger. Kloftke nei kloftke giet nei hüs. By 't öfskie heart men yet altomets heal gekjeijend in frysk wird üt muien, dy't oars Hollansk prate. Mar de oare deis is alles wer krekt sa't it wier foar't der in frysk selskip yn 'e stêd bistie: dy't do Frysk praette, praet yet frysk, en dy't do ta stêdsk ef Hollansk biwend wier, is der yet ta biwend. Gjin wird minder en gjin wird mear.

It sportfriezendom om utens — dèt it der is, scil my nimmen üntstride wolle, — docht mülk net folie fortuten for 't Frysk, mar 't is yn elk gefal earder goed as forkeard.

En nou moat ik efkes yn 't fjild tsjin skipper Vlieger, dy't yn Sljucht en Rjucht fortelt, det er bare nij opharke, do't er to Utrecht op in utfiering fen 't frysk selskip twisken 'e bidriuwen en yn 't skoft oars neat praten hearde as Hollansk.

Ik leau det de skipper it hwet al to bar makket. Neat as Hollansk! Ik hab ek wol ris op sa'n utfiering to Utrecht west en wit det dêr yet forskate leden wend binne om ünder elkoar Frysk to praten. Mar det it yen earst sa oankomt, kin 'k my skoan bigripe, sa net. Ik leau wol, det men der mear Hollansk as Frysk hearre scil. Al ho frjemd as 't lykje mei, der binne wol ljue, dy't troch 'en tiid, ef alteast yn 'e hüs, Frysk prate en de jouns op 't selskip Hollansk. Det kin komme om't hja in Hollanner meinomd ha ef tafallich oan ien taffeltsje kotnme mei ljue, dy't gjin Frysk prate. It doel fen 't petear is noait ef hiel komselden de tael, en dêrom skikt men yen nei dy minsken. Boppedien, 't is op 'en dür net to dwaen om in petear yn twa talen geande to halden, as ien fen beide partijen him like goed mei de oare syn tael rédde kin. Ik for my scil alteast noait mear Frysk prate tsjin ljue, dy't it wol sahwet forstean, mar seis net prate kinne. Dy stiifkoppigens ha 'k farre litten, om't, it neat jowt as lést.

Dêrom is 't ek greate mallichheit om ha to wollen fen 'e leden en gasten, det se sa'n „fryske joun" ünder inoarren oars neat as Frysk prate scille. Ut aerdichheit kin soks der op troch, b.g. by in studinte-frisia, dêr't elk, hwa't ünder 'e gearkomste in hollansk wird üt 'e müle komt, in kwartsje boete bitelje moat, en tige earnstich oer

!

Sluiten