is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

forgilde en ik die hhn yn 'e sparpót mei 't selde gefoel dêr't, tinkt my, in rykwirder it effekt mei keapet, det syn earste miljoen fol makket. Mar do foun ik ris in leap-aei, moai ier yn 'e tiid. Us heit sei: „dêr jowt Arjen winkelman dy grif tsjien sturen for, hwent forline wike is

't earste aei oan 'e merk brocht, leau 'k."

Ik nei Arjen mei 't aei ünder 'e pet en de tsjien sturen yn alle

hoeken en hamen fen myn jongesgemoed.

„In dübeltsje!" sei de man. Ik krige krekt in gefoel, as slokte ik myn moaiste glêzen knikkert troch, do 'k det hearde.

— „Us heit tocht fen tsjien sturen."

„Jimme heit! De merk is net heger."

Ik kaem gülende thüs en kingele it dübeltsje oer 'e tafel. As üs mem it letter net yn 'e sparpót dien hie, wier 't der üt bleaun. Mar de oare deis kaem ik wol wer bliid thüs mei in hikkesint.

Sa binn' bern. Mar lit üs oars wêze en it lytse net forsmite om't wy it greate net krije kinne. Siker. de selskippen om utens meije gjin tsjien sturen dwaen, in dübeltsje bringe se gau op. En al wier 't op 't lést ek mar in hikkesint, hwette?

In Fries dy't om utens giet en him dêr ta wenjen set, wirdt al mear en mear Fries öf. By de iene scil det hirder en oars gean as by de oare. It leit der ek al oan hwersa'ne men hinnegien is en yn hoffer libbensforhaldingen men komt. Mar det it sa komt, is sa fêst as de bikende mütse mei saun kielbannen. De mooglikheit bistiet det sa n Fries yn 'e frjemdte oan syn libbenseintsje ta Frysk praet tsjin e ljue dy't lyk as hy yn Fryslan greatbrocht binne, tsjin syn wiif bygelyks, — mar net allinne det syn bern, yn 'e frjemdte opfied, ünfriezen wirde, sleur en gemakstwang (ef is det itselde?) meitsje njunkelytsen det er

dy to reden stiet yn hjar tael.

For him kin 't frysk selskip nea hwet oars en mear wêze as de slypstien fen syn ünthald, de forjitmynet-blom oan 't paed fen syn stjerrend frieswêzen. En hy for 't Frysk net mear as in sportfries, in goede klant for üs boekforkeapers en sadwaende in stipe fen üs letterkinde.

Mar det is oan beide kanten al reden genöch om it selskipslibben om utens net to forsmiten, tinkt my.